Minister oerleit mei gemeenten oer demonstraasjerjocht

Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam © ANP
Minister Kajsa Ollongren fan Binnenlânske Saken sil mei gemeenten yn petear oer it demonstraasjerjocht. Al is se fan miening dat demonstraasjes net te gau ferbean wurde troch lokale autoriteiten. Keamerlid Kuzu fan Denk frege tiisdeitemiddei opheldering oer it ferbod op de demonstraasje fan de tsjinstanners fan Swarte Pyt yn Dokkum, ôfrûne sneon by de yntocht fan Sinteklaas.
De minister seit dat se it rjocht op demonstrearjen maksimaal beskermje sil en der wurdt yn grutte stêden ek in soad gebrûk fan makke. Dochs giet se yn petear mei de gemeenten oer oft it demonstraasjerjocht net te gau beheind wurdt, sei se ta oan de Keamer.