400 meiwurkers fiere aksje foar De Friesland

Goed 400 meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland binne tiisdei yn aksje kaam tsjin de plannen fan memmebedriuw Achmea om De Friesland gear te foegjen mei Zilveren Kruis. De meiwurkers kamen rûn it middeisoere nei bûten om dêr mei har allen in petysje te tekenjen. Dizze is oanbean oan direkteur Bert van der Hoek.
"Bizar"
Troch de plannen fan De Friesland is in soad ûnrêst ûntstien ûnder it personiel. Neffens Annelies Bontjer fan FNV Finance sit de grutste soarch by de meiwurkers yn it mooglike ferlies fan wurkplakken. "Als je overgenomen wordt door een ander bedrijf, zoals Zilveren Kruis, dan zijn er veel functies met dezelfde inhoud, dus dan komt veel werkgelegenheid te vervallen," sa seit se. "Daarnaast is men hier trots op hun werk, ze doen hier goed werk. Er komt nog bij dat hier beloofd is dat De Friesland Zorgverzekeraar zelfstandig mocht doorgaan, dus het is heel bizar dat een aantal weken na de redding van FBTO dan ineens het bericht komt van Achmea dat De Friesland Zorgverzekeraar moet worden gefuseerd met Zilveren Kruis."
Mooglik hurdere aksjes
Yn de petysje stiet dat de meiwurkers en it bûn winskje dat De Friesland selsstannich bliuwe mei. It is it begjin fan in mooglike aksjeperioade. "Wij geven nu een vriendelijk advies om De Friesland zelfstandig door te laten gaan. We gaan er binnenkort weer over praten, maar medewerkers geven hier nu even goed aan wat ze vinden." Hurdere aksjes wurde troch Bontjer fan it FNV net útsluten.
Beslútfoarming
Direkteur Bert van der Hoek kaam krekt foar ien oere nei bûten ta, om dêr yn de rein de petysje yn ûntfangst te nimmen: "Wat wij hier zien tekent de medewerkers van De Friesland: betrokken tot en met." sa begûn er syn taspraak mei in komplimint. "Wij nemen ons werkgeverschap zeer serieus, dat hebben we altijd gedaan en dat blijven we doen. We hebben net dit advies gekregen en natuurlijk gaan wij dat advies uitermate serieus nemen en meenemen in de verdere besluitvorming."