Falpartijen âlderein: faak drank yn it spul

21 nov 2017 - 14:24

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân lûkt oan de alarmbelle oer it tanimmende oantal falpartijen ûnder âlderen. De lêste fiif jier is it oantal falpartijen mei deadlike ôfrin mei 60 prosint tanaam. It giet jierliks om sa'n 100.000 falpartijen. Yn in soad gefallen is der alkohol yn it spul. It drinken fan alkohol is ûnder âlderein bot tanaam. Se ha mear frije tiid, mear jild te besteegjen en fiele harren faker iensum. Boppedat hat alkohol mear effekt op âlderein.

Dat gegeven wurdt neffens Ferslavingssoarch swier ûnderskat. Om hjir mear oandacht foar te freegjen hâldt de organisaasje kommende tongersdeitejûn in fergees webinar, in online seminar. Minsken kinne hjir telâne mei fragen en foar tips. Oanmelde kin fia de webside: vnn.nl/webinar.

Trefwurden: 
âlderein falpartij drank
(Advertinsje)
(Advertinsje)