Omrop TIP: Pamietamy, wij herinneren

25 nov 2017 - 10:55

Yn tarieding op it Wereld Muziek Concours lit it de muzykferiening CMV Excelsior fan Grypstsjerk in op de dokumintêrefilm Shoah (1985) ynspirearre muzykstik komponearje. Stadichoan wurde komponist, dirigint en leden fan it orkest grepen troch it ûnderlizzende ferhaal.

It ferhaal fan ien fan de pear Joadske oerlibjenden fan it ferneatigingskamp Chelmno yn Poalen. De muzyk fertelt in ferhaal dat grutter is as dat it fanfareorkest fan Grypstsjerk befetsje kin: de ûnbegryplike ferneatiging fan de Joaden.

De wize wêrop’t ferskate keunstdissiplines troch amateurs en learlingen ynset wurde om uteringen te jaan oan eigen ferwurkingen fan in beladen ferline stypje dit ferhaal. De Fryslân DOK ‘Pamietamy, wij herinneren’ is makke troch filmmakker Anne van Slageren en is ûntstien út in koproduksje fan Stichting Beeldlijn Groningen en Omrop DOK.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Pamietamy, wij herinneren’ is op snein 26 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

(advertinsje)