D66 pleatst 70-kilometerbuorden op Oeriselseleane

21 nov 2017 - 13:57

Leden fan D66 ha tiisdeitemoarn 70-kilometerbuorden pleatst lâns de Oeriselseleane by Ljouwert. Op de dyk tusken Ljouwert en Werpsterhoek is 50 kilometer it maksimum. De fraksje wol mei de ludike aksje de diskusje oer de maksimumsnelheid op de dyk oanslingerje.

Neffens D66 soarget de maksimumsnelheid fan 50 kilometer foar ûndúdlikens, om't op oare tagongsdiken 70 kilometer it maksimum is. Automobilisten hâlde har dêrom net oan 50 kilometer as maksimum en ride troch read ljocht. Op de dyk krije bestjoerders in griene golf as se wol 50 ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)