Dronken famke fan 12 nei sikehûs brocht

21 nov 2017 - 13:49
Ambulânse - Foto: ANP XTRA

In famke fan 12 jier hie moandeitemiddei yn Ljouwert safolle drank op dat se net goed waard en nei it sikehûs brocht wurde moast. De plysje krige tsjin twa oere middeis in melding dat it famke net goed wurden wie by Achter de Hoven. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje koe de mem fan it famke net berikke. It famke is oanmeld by de soarchynstânsjes.

Trefwurden: 
plysje drank
(Advertinsje)
(Advertinsje)