Sloop ôfbrânde sporthal Westermar Burgum begjint moandei

Sporthal Westermar yn Burgum moat sloopt wurde © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De sloop fan de yn begjin oktober ôfbrânde sporthal Westermar yn Burgum begjint kommende moandei. Neffens de gemeente hat oannimmer Wever Sloopwerken sa'n 30 dagen nedich. Mei de feestdagen en op nijjiersdei leit it wurk stil. Tytsjerksteradiel warskôget dat de wurksumheden foar oerlêst soargje kinne by omwenners. Der wurdt wol alles oan dien om dy oerlêst te beheinen. Sa ride der moarns gjin swiere frachtweinen troch de strjitte op it momint dat de bern nei skoalle en folwoeksenen nei harren wurk gean.
De sporthal brânde yn de nacht fan 4 op 5 oktober ôf. In oarsaak is net fûn.