Iepenbier Ministearje begjint ûndersyk nei blokkade A7

21 nov 2017 - 12:37

Der komt in strafrjochtlik ûndersyk nei it blokkearjen sneon fan de A7 by de yntocht fan Sinteklaas. Dat hat it Iepenbier Ministearje tiisdei bekend makke. By de blokkade waarden trije bussen tsjinhâlden, mei dêryn demonstranten tsjin in 'swarte' Swarte Pyt. De demonstranten wiene ûnderweis nei Dokkum, dêr't se tastimming hienen foar in demonstraasje.

It Iepenbier Ministearje sil ûndersykje oft de ferkearsfeiligens yn gefaar brocht is. Mooglik moasten de bussen flink remje, boppedat ûntstie der troch de blokkade in file. By it ûndersyk moat nei foaren komme wa't der oan de aksje meidienen en op wat foar manier de ferkearsfeiligens krekt yn gefaar brocht is. Ofhinklik fan it ûndersyk wurdt bepaald oft der ek in strafrjochtlik ferfolch komt.

Trefwurden: 
Sinteklaas blokkade A7
(advertinsje)