Motorrider swierferwûne by ûngelok

21 nov 2017 - 12:13
Foto: ANP

In 46-jierrige motorrider út Mantgum is moandeitejûn slimferwûne rekke by in ûngelok by Wjelsryp. It ûngelok wie op de krusing fan de Westerein mei de Suderpolderwei. In 21-jierrige automobilist út de gemeente Súdwest-Fryslân seach de motorrider net en ried him oan. De motorrider is mei ferskate brutsen bonken nei it sikehûs brocht. De auto en de motor rekken swier skansearre en binne troch in bergingsbedriuw fuortbrocht.

Trefwurden: 
motorrider ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)