Miljeufreonlik kuierpaad yn Prinsetún

21 nov 2017 - 11:40

Yn de Prinsetún yn Ljouwert wurdt in sirkulêr kuierpaad oanlein. It giet om it al besteande, en goed brûkte, paad de Wissedwinger. It besteande paad wurdt as fundearring brûkt foar de sirkulêre grûnstoffen dy't derop komme. De graafmasine dêr't mei wurke wurdt is ek miljeufreonlik. Dy draait net op gewoane disel, mar op blauwe disel, wat folle better is foar it miljeu. It kuierpaad sels bestiet aanst út recyclemateriaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)