Skjin winkelje kin yn Súdwest-Fryslân

21 nov 2017 - 11:00
Lege winkelstrjitte yn it sintum fan Snits - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It winkeljend publyk yn de gemeente Súdwest-Fryslân treft it. Sy hawwe de lúkse om yn tige skjinne winkelgebieten harren oankeapen te dwaan. Dat docht bliken út de ferkiezing fan skjinste winkelgebieten yn Nederlân. Súdwest-Fryslân einige yn de kategory middelgrutte gemeenten op it twadde plak. De gemeente Veenendaal waard winner. Foar de ferkiezing binne 612 winkelgebieten yn 88 gemeenten ûndersocht. Yn Súdwest-Fryslân wiene dat Snits, Boalsert en Warkum.

De gemeente skoarde benammen heech op ynrjochting en arsjitektuer. De gemeente sjocht de priis as wurdearring foar it wurk fan de eigen reinigingsteams en de frijwilligers dy't harren ynsette om it ôffal op te romjen. ​De titels waarden moandei bekend makke op it lanlike kongres oer swalkôffal fan Nederland Schoon.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)