Fryske treinreizgers besjogge nije treinen yn Switserlân

Ferfierder Arriva is dizze wike mei in delegaasje reizgers út Fryslân en Grinslân yn Switserlân om by fabrikant Stadler nei de nije treinen te sjen. Dizze emisjefrije treinen ride oer in pear jier oer it spoar yn Noard-Nederlân. Reizgers kinne yn it fabryk yn Switserlân meiprate oer hoe't de treinen der út komme te sjen. By it eksterieur kin in kar makke wurde foar in griene of in blauwe kleur. Yn de trein is de wichtichste ynbring de kar foar de stuollen. Dêrby kin keazen wurde út fjouwer typen. Fierder wurdt ûnder oare meitocht oer it pleatsen fan de stuollen, stilte- en wurkplakken en fasiliteiten sa as tafels en oplaadpunten. Ek de tagonklikheid fan de treinen foar minsken mei in rolstoel en de wize fan berjochtjouwing yn de trein wurdt besjoen. It giet al mei al om in oarder fan 170 miljoen euro.
De kar fan de reizgers is in advys. De provinsje makket as konsesjehâlder en opdrachtjouwer úteinlik de definitive kar. Arriva tekene begjin novimber in kontrakt mei it Switserske bedriuw Stadler út Bussnang oer de oankeap fan 18 nije treinen, foar 170 miljoen euro.