Nije tsjinstregeling Arriva: flugger nei Noard-Hollân

© Omrop Fryslân, Joline Dalstra
De reistiid mei de streekbus tusken Ljouwert en Noard-Hollân wurdt fan 10 desimber ôf 10 minuten koarter. Dat kin opmakke wurde út de nije tsjinstregeling fan Arriva, dy't op dy datum úteinset. De koartere reistiid komt trochdat busline 350 net langer fia Boalsert ride sil, mar fuortendaliks trochrydt nei de kop fan de Ofslútdyk.
Boalsert leit wol op de rûte fan de nije busline 90 fan It Hearrenfean nei de Ofslútdyk. De tsjinstregeling fan de trein bliuwt foar in grut part itselde, al wurde guon tiden oanpast en ride treinen tusken Ljouwert en Grins tenei op snein itselde patroan as troch de wike. De nije tsjinstregeling is ta stân kaam yn gearwurking mei de provinsjes Fryslân en Grinslân. Gemeenten en reizgersklup Rocov hawwe advys útbrocht.