Brêge Spannenburch sneontenacht net yn gebrûk

21 nov 2017 - 09:39
De brêge fan Spannenburch oer it PM-kanaal - Foto: Foto: Jaap Temming

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch is kommend wykein yn de nacht fan sneon op snein ticht foar al it ferkear op de dyk. Rykswettersteat is dwaande mei reparaasjes en dêrom stiet de brêge fan jûns tsien oere oant moarns alve oere iepen. It giet om lytse reparaasjes oan it betonwurk fan de brêge. It ferkear wurdt omlaat. De rûtes binne mei giele buorden oanjûn. Rykswettersteat warskôget dat de reistiid langer wurdt en dat de omlieding troch de ôfstân net geskikt is foar fytsers en fuotgongers.

Trefwurden: 
brêge Spannenburch
(advertinsje)
(advertinsje)