Kollum: "'De slach fan Dokkum"

21 nov 2017 - 08:21

"Om earlik te wêzen is dizze kollum yn sân hasten skreaun wurden. Ik hie nammentlik al ien klear, en dy gie oer de Slach fan Dokkum. Fansels wist ik fan kollega Nynke dat sy it dêr ek oer ha soe, mar likegoed siet it my fan ’t wykein sa yn de kop dat ik dêr wol wat mei dwaan moast.

Dan wurdt it moandei en slaan jo de ynternets en de kranten iepen. En komme jo ta de ûntdekking dat it echt nergens oars oer giet. Eltse wol of net selsbeneamde stikjesskriuwer hat it deroer. Dat hie geandewei de dei itselde effekt op my as dy hiele pitediskusje yn eardere jierren: ik waard der net allinne strontsiik fan, mar de tonge begûn my út de mûle te hingjen en ik begûn te fliberjen. Dus helle ik myn a-4’ke mei tekst foar’t ljocht en ferropte dy ta tûzen stikjes.

De ferromming dêroer wie yntins. As foel my in lêst fan de skouders. Fluitsjend sette ik in pot kofje en stuts de brân yn in sigaar. Ik stoarre wat ta it rút út en seach dat it rap skimerich begûn te wurden. De rein sloech putsjes yn de wetterplassen. Lampen spegelen yn it rút. In do socht beskûl yn in beam. Teminsten, dat wie myn ynterpretaasje. Miskien jouwe dowen neat om rein, en wie dyselde gewoan oan skoft ta. Sa’t ik blykber oan skoft ta wie. Want wat wie it no krekt dat my sa bot steurde yn al dat roptoeterjen?

Yn in besykjen dat ûnder wurden te bringen krige ik myn notysjeboek. Altyd deselde. Twaenheale side folskriuwe is in kollum. Dêrnei krige ik myn lêssek. Nee, dat is gjin seksuele hanneling, mar in pûdsje dêr’t kattegrit ynsit en dêr’t ik boeken en skriuwblokken tsjinoan ha te lizzen. Hartstikke handich. Ik blies in strypke reek tsjin it rút en seach hoe’t it útinoar wolke. Oarekant rút line de nacht al tsjin it glês. Ik wie trije kertier fierder en hie noch gjin letter op ’t papier. Klikte facebook oan. De iene nei de oare miening flitste foarby. Kollumnisten dy’t trochlinkt waarden. Pro en kontra mieningen dy’t mei de grutst mooglike stelligens útsprutsen waarden. Miskien wie it dat wol, dy stelligens. In stelligens dy’t foar master opslacht yn alle saken dy’t harren oantsjinje. Oer sport, polityk, muzyk, de dividindkwestje en de nije titen fan Barbie. Hoe kin it dat elkenien it better wit as elkenien? Wittenskippers neame dat de ‘knowledge illusion’, oftewol de kennis yllúzje. Dat is it gegeven dat minsken tinke dat se better begripe hoe’t dingen wurkje, as dat se dat yn ’t echt dogge. Soks jildt foar ienfâldige dingen lykas hoe’t in rits wurket, en ek foar yngewikkelde saken lykas polityk. Tinke dogge wy net yn ús holle, tinke dogge wy mei in mienskip. Grut of lyts. Dy mienskippen ha meastal in ‘thought leader’, ien dy’t foar de groep tinkt en dêr’t de rest him nei foeget.

Ast dat allegear op in bult goaist krijst dus roptoeterjen. En dat hong my even ta de strôt út. Fandêr dizze kollum. Dy’t gjin kollum wie. Mar takom wike wol wer. Dan toeterje ik wer mei. O ja, as jim myn sek sjen wolle: sjoch op de Omropside."

(advertinsje)
(advertinsje)