Twa ûngelokken op moandeitejûn yn Fryslân

21 nov 2017 - 06:17
It ûngelok op De Skieding - Foto: De Vries Media

Twa ûngelokken yn ús provinsje op moandeitejûn. Op De Skieding by Surhústerfean botste in auto tsjin de beammen neist de dyk. By de botsing rekke in ynsittende ferwûne. De bestjoerder hie drank op en is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo. De net fersekere auto rekke swier beskeadige. Tsjûgen melden dat de man hurd ried.

Op de A7 by Beetstersweach rekke in auto yn in slip en bedarre yn it wetter neist de sneldyk. De bestjoerder koe sels út de auto komme en kaam mei de skrik frij. Syn auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)