It wurde spannende ferkiezingen yn Ljouwert

21 nov 2017 - 06:04

Ljouwert krijt woansdei de spannendste riedsferkiezingen yn tsientallen jierren. Yn de Fryske haadstêd wie de PvdA altyd oppermachtich, mar de sosjaaldemokraten hawwe it de lêste tiid dreech. Sadwaande binne der ferskate oare partijen dy't - stikem of minder stikem - hoopje om no de grutste partij fan Ljouwert te wurden. D66 is der bygelyks iepenlik op út om de grutste partij te wurden; nei Grins en Amsterdam wolle de demokraten besykje om ek Ljouwert te feroverjen. Mar der binne mear partijen mei deselde ambysje; ek by it CDA en de VVD binne der minsken dy't hoopje om de grutste partij te wurden.

Kapers op de kust

Der binne in soad kapers op de kust om de kiezersgeunst, want der steane trettjin partijen op de list. Ferskate nijkommers, lykas de Lijst058 fan Otto van der Galiën en de Partij voor de Dieren, geane der fan út dat sy de kiesdieler wol helje sille. Moandeitejûn wie der in fûl en libben debat mei de trettjin listlûkers yn De Harmonie. Dêr waard debattearre oer saken as it festivalbelied, besunigingen op it sosjaal domein, lânboupolityk en de Kulturele Haadstêd. De belangstelling foar it debat wie grut. In pear opfallende punten út dat debat: de Partij van de Dieren wol graach dat alle boerebedriuwen yn de gemeente Ljouwert 'biologysk en sirkulêr wurde', in soad politike partijen wolle it betelle parkearjen op snein ôfskaffe en de ChristenUnie wol gjin grutte festivals as Psy-Fi en Welcome to the Village mear talitte ta rekreaasjegebiet De Griene Stjer. Serge Hollander fan de VVD liet wite dat syn partij gjin ferlet hat fan in eksperimint mei legale wyttylt yn Ljouwert. "Laat andere steden dat maar proberen."

"Goed kunnen luisteren"

Fan de trettjin politisy kaam Harm Wiersma fan de Nederlandse Klokkenluiders Partij it minst oan it wurd, mar dat die er mei sin. "Als je in de politiek zit, moet je goed kunnen luisteren", spruts de âld-wrâldkampioen dammen. "Bovendien valt het niet mee om je standpunt in 30 seconden naar voren te brengen." De útslach yn Ljouwert is dreech te foarsizzen, want der hawwe - yn tsjinstelling ta by eardere ferkiezingen - gjin peilingen west.

Trefwurden: 
Ferkiezingen Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)