Nederlân troch nei heale finale op WK keatsen yn Kolombia

20 nov 2017 - 22:37

It Nederlânske team hat him op it WK keatsen yn Kolombia pleatst foar de heale finales ynternasjonaal spul. Se wûnen de wedstriid tsjin Valencia (Spanje). It begûn goed foar de Nederlanners. Se kamen earst op in 4-1 foarsprong te stean. Mar de ploech fan coach Marten Feenstra koe de foarsprong net fêsthâlde. Se kamen mei 5-4 efter. Troch it goede spul fan Hans Wassenaar waard it wer spannend en dat resultearre yn in positive einstân foar 'Fryslân'. .

Trefwurden: 
Kolombia keatsen WK
(Advertinsje)
(Advertinsje)