Debat op skoalle yn Frjentsjer oer nije gemeente Waadhoeke

20 nov 2017 - 21:53

Op CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer waard moandeitejûn fûl debattearre mei de takomstige gemeente Waadhoeke. De skoalle hâlde nammentlik it grutte AMS-listlûkersdebat. Learlingen fan de heechste klassen fan de havo en it vmbo-t hienen it debat taret. De listlûkers fielden inoar oan de tosk oer ûnderwerpen dy't bern nijsgjirrich fine, mar ek oer saken dy't wichtich binne foar de ynwenners fan de nije gemeente Waadhoeke. De minsken yn de seal koenen mei de mobile telefoan harren miening jaan oer de ferskate stellingen.

De skoalle yn Frjentsjer organisearret tiisdei ek noch in ferkiezing. Learlingen fan de boppebou meie dan harren stim útbringe op ien fan de seis dielnimmende partijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)