Jong Hearrenfean pakt winst tsjin Jong Excelsior

20 nov 2017 - 21:39

De beloften fan Sportklup Hearrenfean hawwe moandeitejûn in oerwinning pakt tsjin Jong Excelsior. Op sportpark Skoatterwâld wûn Hearrenfean mei 3-1 fan de Rotterdammers. De Feansters kamen op slach fan rêst op foarsprong troch in doelpunt fan Henk Veerman. Nei it skoft sette Jordy Bruijn de 2-0 op it skoareboerd, mar foar Excelsior skeat El Azzouzi fuortendaliks de oanslutingstreffer binnen. Pelle van Amersfoort makke yn de 63e minút dien wurk foar Sportklup Hearrenfean.

Troch de winst binne de beloften fan de Feansters koprinner yn de kompetysje. Oare wike tiisdei komt de ploech fan trainer Chris de Wagt wer yn aksje. Dan spylje se yn de beker tsjin Helmond Sport.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)