Regelers liede spitsferkear rûnwei Garyp yn goede banen

20 nov 2017 - 22:38

Ferkear op it fiadukt by Garyp wurdt yn de jûnsspits tenei yn goede banen laat troch twa ferkearsregelers. Dat is nedich omdat de rûnwei om Garyp hinne - dy't it ferkear nei de Sintrale As bringt - safolle ferkear lûkt dat de âlde t-splitsing op it fiadukt de stream auto's net mear ferwurkje kin. Dat soarget foar files op de oprit. De file is bytiden sa lang dat it ferkear op de Wâldwei der ek lêst fan hat. Dat probleem is no foarearst oplost mei de ferkearsregelers. Sy soargje fan moandei oant en mei tongersdei derfoar dat it ferkear yn de jûnsspits net stûket. De ferkearsregelers sille dat yn alle gefallen oant de krystfakânsje ta dwaan.

Foar de langere tiid tinkt projektburo De Sintrale As noch nei oer in mear permaninte oplossing. Dat soe in stopljocht wêze kinne. In oare mooglikheid is in ekstra rotonde op it fiadukt.

Trefwurden: 
Garyp ferkearsregeler
(advertinsje)
(advertinsje)