"Jildaksje foar A7-blokkearders giet dat it slydjaget"

20 nov 2017 - 20:26

De ynsammelaksje foar de minsken dy't sneon de A7 blokkearren om de tsjinstanners fan Swarte Pyt tsjin te hâlden, soe earst oant begjin takom jier duorje, mar der is al safolle jild binnenkaam dat de aksje oan 'e ein fan dizze wike ophâldt. Dat seit inisjatyfnimmer Robin van Prattenburg út Flevolân. Hy hat al mear as 35.000 euro binnen krigen, wylst er hope hie op 3.000. It jild stiet noch net by him op de rekkening, seit er. It stiet op in algemiene rekkening fan de webside dêr't er de oprop op dien hat. As der jild oerbliuwt, giet dat nei in goed doel, seit Van Prattenburg.

Jenny Douwes, dy't in oprop die om te demonstrearjen tsjin de Swarte Pyt-tsjinstanners, is moandeitejûn te gast yn it telefyzjeprogramma Pauw.

(Advertinsje)
(Advertinsje)