Wurkstraf foar trochferkeapjen stellen auto en motorblok

© ANP XTRA
In 25-jierrige man út Haulerwyk is moandeitemiddei feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren en twa moanne sel ûnder betingst, om't er stellen guod trochferkocht hat. It giet om in stellen auto, in VW Golf, en in motorblok fan in oare auto.
De offisier fan justysje koe net bewize dat de man it guod ek sels stellen hie. Neffens de man hie er gewoan in hanneltsje, en hie er de auto yn Dútslân kocht. Njonken syn straffen moat de 25-jierrige man ek in skeafergoeding betelje oan de hjoeddeiske eigener fan de trochferkochte auto. Dat giet om in bedrach fan likernôch trijetûzen euro.