Lânbouminister Schouten wol minder regels foar boeren

20 nov 2017 - 19:35

De regeldruk yn de lânbou moat nei ûnderen. Dat sei minister Carola Schouten fan lânbou moandei yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje. Agraryske ûndernimmers binne no in soad tiid kwyt mei it byhâlden fan de administraasje. Dat moat oars, fynt Schouten.

Schouten wol har ynspanne om de derogaasje foar Nederlân te behâlden. Sûnt it melkkwotum ferdwûn is, hawwe de boeren mear kij, mei mear dong as gefolch. Nederlân mei mear stront útride as de Europeeske Mienskip tastiet, de saneamde derogaasje, mar dêr liket in ein oan te kommen. Dat sil betsjutte dat in protte boeren fallyt gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)