De Kast nimt ôfstân fan parody oer Swarte-Pyt-demonstraasje

Screenshot Youtube 'Je Komt Hier Niet Voorbij'
De Kast nimt ôfstân fan it nûmer 'Je Komt Hier Niet Voorbij' dat moandeitemoarn ûnder de namme fan de popgroep online kaam te stean. It nûmer is opnaam troch DJ Lex Gaarthuis fan Radio 10. Hy makket faker in muzikale parody op it nijs. Manager Marc de Bruin fan De Kast neamt it nûmer in 'minne karaokeferzje'. Hy wol fierder neat sizze oer it ûnderwerp. 'De diskusje leit gefoelich. Wy wolle gewoan muzyk meitsje.'
Foaroanman Syb van der Ploeg van De Kast wie net berikber foar kommintaar. Hy hie dit jier in lytse rol yn it Sinterklaasjournaal fan de NTR, as brêgewipper dy't mei in Frysk klompke Sinteklaas opwachte.