Ombudsman jout Ternaarder gelyk oer gaswinning

20 nov 2017 - 18:39

De Nasjonale Ombudsman hat in klacht fan Henk Vellinga út Ternaard tawiisd. Vellinga hat alle war dien om by tal fan organisaasjes en it ministearje fan Ekonomyske Saken helderheid te krijen oer de status fan de Waadsee as wrâlderfguod. Mar der kaam gjin antwurd. Vellinga, dy't belutsen is by de aksjegroep 'Ternaard foar de wyn' en de stichting 'Fêste grûn', krige it gefoel dat er fan it kastje nei de muorre stjoerd waard. Uteinlik hat er in klacht yntsjinne by de ombudsman. Dy hat de klacht grûndearre ferklearre. It ministearje fan Ekonomyske Saken moat Vellinga no binnen seis wike antwurdzje.

Op de fraach dy't Vellinga oan it ministearje fan Ekonomyske Saken stelt, kin Hans Revier no al in antwurd jaan. Revier is lektor by Stenden en âld-foarsitter fan de Waadferiening. Hy seit dat it wrâlderfguod juridysk gjin inkelde status hat. De beskerming fan it gebiet is neffens Unesco, dy't ferantwurdlik is foar de erfguodlist, goed genôch regele yn de Nederlânske wet.

De plakken dêr't no gaswinningsaktiviteiten plakfine ,binne op de kaart omsirkele, sadat se formeel net by it wrâlderfguodgebiet hearre. Dus kin dêr gas út de grûn helle wurde. Neffens Revier soe it tûk wêze it gas by Ternaard sitte te litten, ek no't der hieltyd mear twifel is oer de gefolgen fan gaswinning yn it gebiet.

Njonken de Waadsee stean op de Unescolist ek natuergebieten lykas de Grand Canyon yn de Feriene Steaten fan Noard-Amearika en it Great Barrier Reef yn Australië. 

Trefwurden: 
Nasjonale Ombudsman
(advertinsje)
(advertinsje)