Fjoerwurkdriging reden ôfsizzing Swarte-Pyt-demonstraasje

Boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Dongeradiel fynt de rebûlje spitich dy't ûntstien is nei oanlieding fan de demonstraasje dy't de 'Stichting Nederland wordt beter' hâlde soe. Waanders seit dat der goede ôfspraken wiene mei foar- en tsjinstanners fan Swarte Pyt oer wat wol en net koe by de lanlike yntocht yn Dokkum. Doe't úteinlik op de A7 tsjinstanners fan de demonstraasje de bussen tsjinhâlden en der sinjalen wiene dat op de Sintrale As en de N31 ek noch blokkaden komme koene moast it beslút nommen wurde om de demonstraasje ôf te sizzen. Wat ek meispilet is dat pro-Swarte-Pyt-aksjefierders nei Dokkum ûnderweis wêze soene mei swier fjoerwurk. Fierders stiene yn de binnenstêd fan Dokkum pro-aksjefierders de anty-demontranten op te wachtsjen.
De boargemaster fynt it tige spiticht dat minsken dy't gebrûk meitsje fan in grûnrjocht as demonstraasje dat net dwaan koene. De foarstanners fan Swarte Pyt hiene neffens har ek alle romte harren stânpunt kenber te meitsjen, mar dy ha dêr gjin gebrûk fan makke sa seit Waanders. Allinnich as minsken ree binne yn dialooch te gean, kinne we fierder komme neffens de boargemaster dy't fierder grutsk is op it feest yn Dokkum.
"Ik vind het erg jammer dat dit allemaal gebeurd is. Mensen hebben gebruik gemaakt van hun grondrecht om te komen demonstreren en er zijn op voorhand goede afspraken gemaakt. Aan voorstanders van Zwarte Piet was binnen dezelfde afspraken volop ruimte om hun standpunten kenbaar te komen maken. Daar hebben ze geen gebruikt van gemaakt."
"Iedereen houdt van Sinterklaas en dat moet zo blijven. De discussie over zijn Pieten is nog lang niet ten einde. En daar komen we ook niet uit met harde confrontaties en ook niet via de media. Alleen bereidheid van meer mensen om de dialoog aan te gaan, kan ons niet verder helpen. Daar wil ik graag een bijdrage aan blijven leveren", skriuwt boargemaster Waanders.