FIDEO: Aldste postbesoarger fan Fryslân

Johannes Visser út Stiens is de âldste postbesoarger fan Fryslân. Hy is lêsten 75 jier wurden, mar tinkt der net oer om mei pensjoen te gean. "Ik fyn it fijn en salang't ik it noch dwaan kin, gean ik troch. Je bliuwe yn beweging. Ik doch oan lange ôfstânrinnen, reedriden en aaisykjen."
De minsken binne wiis mei de besoarger mei syn lange grize hier yn in sturtsje. Hy krijt sels in fleske wyn en in sûkeladeletter fan it bedriuw dêr't er altyd mei de post binnen komt. "Ik hâld fan rinnen en it kontakt mei de minsken. Boppedat bist lekker bûtendoar dwaande." Johannes moat ek fit bliuwe, want hy hat noch in drok programma dit jier. "Ik sil de Alvestêdetocht rinne, de Slachte en de Nijmeegse Vierdaagse. Dus eins is myn wurk in betelle training." Hea! makke in portret fan de postbesoarger.