Meiwurkers De Friesland stride foar autonomy

20 nov 2017 - 14:31

Fjouwerhûndert meiwurkers fan De Friesland Soarchfersekerder sille tiisdei protestearje tsjin de eventuele oername troch Achmea. Om tolve oer sille de wurknimmers in petysje oanbiede oan de fise-foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Achmea. De meiwurkers fan De Friesland binne benaud dat se troch it ferlies fan harren selsstannichheid in labeltsje wurde yn it Achmea-oanbod. Se binne der ek net gerêst op dat se harren wurk behâlde kinne. De ferwachting is dat der in soad wurk sintraal dien wurde sil by Zilveren Kruis.

Fakbûnen hawwe earder al oan 'e belle lutsen en sein dat se tinke dat de oername negative gefolgen hawwe sil foar de regio Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)