Hertferwaarmjende aksje foar dupearren brân Mitselwier

Gaby Wijnsma fan Mitselwier is in aksje begûn om de famylje te helpen dy't troch brân har hûs en alle guod dêryn kwytrekke binne. Mem wie krekt twa wiken lyn befallen fan in twilling en wie mei heit thús. De oare trije bern wienen yn it doarpshûs foar de yntocht fan Sinteklaas en doe ûntstie de brân troch koartsluting yn de keuken. Minsken út de kroech kamen om te helpen, de brânwacht wie der ek al, mar it hûs koe net mear rêden wurde.
"We moatte wat dwaan," fertelt Gaby Wijnsma yn De Middei fan Fryslân. "Op Facebook ha we in oprop dien, foar iten foar de bern, klean en ruften. Se hienen ommers neat mear. Hertferwaarmjend wienen de reaksjes, minsken ha massaal guod brocht nei it kafee. Se ha no earst foar need genôch. We sykje no grutter guod dat se brûke kinne as se tydlik yn in oar hûs komme." Der komt ek in bingo op sneon en alle opbringst jild giet nei de famylje. "It giet goed mei de famylje en se binne hiel bliid mei alle spullen. Se hienen it net ferwachte."