Eksperimint: learlingen ha wike lang gjin smartphone

20 nov 2017 - 13:09

Learlingen Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert litte de mobile telefoan dizze wike oan de kant lizze. Dat dogge se yn it ramt fan de 'week van de mediawijsheid'. Vmbo-t en havo-learlingen yn de twadde klasse ha har smartphone moandeitemoarn yn in kistke dien dat se ein fan de wike wer iepen dwaan meie.

Rûchwei sitte we 3,5 oere op in dei op de telefoan. Ut resint ûndersyk docht bliken dat de generaasje dy't grutbrocht is yn de tiid fan de smartphone him minder goed konsintrearje kin op skoalle en flugger depressyf rekket.

Paniek

"Toen ik het de leerlingen vertelde dat we meededen aan het experiment brak wel even lichte paniek uit," seit coach Ernesto Lemke fan Piter Jelles. "We zijn nieuwsgierig naar hoe we hier met z'n allen op reageren." Neffens Lemke is der yn de rin fan de tiid noait neitocht hoe't je bern grutbringe kinne mei de gefaren fan social media. "Wij zijn van de generatie die de opkomst van de smartphone hebben meegemaakt. Maar dat kwam verder niet met een handleiding van hoe je om moet gaan met de nieuwe technologie."

Knap

"Ik fyn it knap dat minsken earder sûnder smartfoan libje moasten" seit de 13-jierrige Wisse. "Ik soe net witte hoe't se dat doe beregele hawwe. Ik sjoch it net foar my. Wy brûke 'm sa'n soad." "Ik zet eigenlijk altijd alles op snapchat. Ik vind het leuk om dat er op zetten, net als dat het leuk is om mensen te volgen of om likes te krijgen", fynt de 14-jierrige Tesse.

Slagget it de learlingen in wike sûnder smartphone te libjen? De learlingen sille de wike filmje mei in lyts kameraatsje. Har befiningen binne by de Omrop te folgjen. Nije wike moandei sjogge we werom mei bylden en in social media-ekspert yn de studio by Fryslân Hjoed.

(advertinsje)
(advertinsje)