Wielenpôlle en Schepenbuurt wolle heft yn eigen hân

20 nov 2017 - 12:50

De wyk as eigen BV, dy't sa selsstannich mooglik syn eigen saken regelet, dat is de winsk fan de Wielenpôlle en de Schepenbuurt yn Ljouwert. Dêr wiene fan de gemeente út sûnt 2011 al eksperiminten geande en dy befalle de wyk sa goed, dat se dêr mei fierder gean wolle. It giet dan om saken as reyntegraasje- en oplieidingstrajekten en yndividuele soarchferliening.

De gemeente draacht dêr de budzjetten foar oan en de lokale mienskip docht it wurk. In eigen wyk-BV giet noch krekt efkes fierder, mei wykbewenners as oandielhâlders, seit wurdfierder Ed Kooistra. Wethâlder Andries Ekhart sil der nei sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)