Fûgels moatte Easterbierrum opfleurje

20 nov 2017 - 12:33

Fûgels moatte meihelpe om Easterbierrum op te fleurjen. Der binne yntusken allegear ideeën betocht om it doarp sa oantreklik mooglik te meitsjen foar fûgels, lykas oanpaste dakpannen op hûzen en in muorre foar sweltsjes. Neffens Johannes Wolbers, frijwilliger yn de Kleastertun fan Easterbierum, is it belangryk dat der mear fûgels komme, omdat minsken dêr bliid fan wurde en it in bydrage leveret oan de leefberens yn it plak.

Ynsektehotel

It fûgelinisjatyf slút dêrom goed oan by de Kleastertun dêr't Wolbers frijwilliger is. De Kleastertún is der ek om in bydrage te leverjen oan de leefberens yn it doarp. By de Kleastertún binne ek meardere ideeën foar de fûgels. Sa binne dêr al trije peallen pleatst, mei triedden dêrtusken, dêr't fûgels rêste kinne. Der wurdt boppedat ek oan wurke om in ynsektehotel te bouwen, sadat de fûgels genôch fretten hawwe.

Ynkoarten wurdt in pitch hâlden foar it iepen mienskipsfûns, om der sa subsydzje foar te krijen.

Trefwurden: 
Easterbierrum fûgels
(Advertinsje)
(Advertinsje)