Heechlearaar: "Fryslân like de rêder fan de naasje"

20 nov 2017 - 14:05

De anty-swartepytdemonstranten binne sneon net yn Dokkum kaam. Op de A7 waarden se tsjinhâlden troch aktivisten dy't foar Swarte Pyt binne. Op de social media, lykas Facebook en Twitter, wienen berjochten dêr't it yn like oft de Friezen it romrofte folk binne dy't it kwea fan bûten manmachtich opkeard hawwe, mei tekeningen fan Grutte Pier en teksten as 'Beter de reis by Joure verstoord dan in Dokkum vermoord'.

Hoe kin it dat dizze gefoelens sa de boppetoan fiere?

Sosjaal wittenskipper en haaddosint fan de Ryksuniversiteit Grins Wander Jager seach it dit wykein en fernuvere him oer de dynamyk. "It is krekt of dat minsken wat dwaan woenen tsjin de protesten en dat dat yn Fryslân gebeurde. Dat de Friezen in apart, eigenwiis folk is dat noch los stiet fan de 'randstedelijke problematiek'. Friezen doarre wat oan te pakken dêr't se yn Hollân bang foar binne. Dat gefoel spilet ek mei, fan wienen wy mar sa dapper om op te treden. It like oft Fryslân de rêder fan de naasje wie. Ik skrok derfan, krekt as wienen de Friezen massaal tsjin in bepaald fenomeen. It wie of gie men mei de identiteit fan de Friezen oan de haal, want net alle Friezen tinke der gelyk oer. It liket oft der in langstme is nei in Nederlân fan earder mei Sint en Swarte Pyt. Minsken ha der in hekel oan dat it bernefeest fersteurd wurdt en fine it fijn dat dêr wat oan dien wurdt."

Neffens Wander Jager leit der ûnder de swartepitediskusje in grutter probleem. "Troch de klimaatferoarings en (boarger)oarloggen ha we yn Europa te krijen mei flechtlingen en oare kultueren dy’t hjir hinne komme. Dat is foar in soad minsken dreech om mei om te gean. Dêrtroch komt der in ferlet om de eigen kultuer te koesterjen en te bewaken. Dat bringt polarisaasje mei him mei om't der ek in grut part fan de minsken is dat fynt dat je tradysjes oanpasse kinne en mei de tiid mei moatte."

(Advertinsje)
(Advertinsje)