Boete en rydûntsizzing easke foar ferkearsûngelok Ljouwert

20 nov 2017 - 12:06

In boete fan 250 euro en in heal jier net ride is de straf dy't moandei tsjin in 25-jierrige man út Assen easke is foar it feroarsaakjen fan in ferkearsûngelok yn Ljouwert. By dat ûngelok op 27 juny ferline jier op de Julianaleane rekke in 55-jierrige man út Frjentsjer swierferwûne. De man stuts oer, wêrby't er gjin foarrang ferliende oan de bestjoerder út Assen.

Ut ûndersyk die bliken dat de man út Assen te hurd ried en krekt foar it ûngelok noch in auto ynhelle hie. Hy moast fuortendaliks syn rydbewiis ynleverje. De bestjoerder is bot oandien troch it ûngelok en hat psychyske help foar it ferwurkjen derfan. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)