UPDATE: Stoflik omskot yn kanaal is fan fermiste frou

It lichem dat fûn is yn it Prinses Margrietkanaal yn Strobos, is fan de fermiste frou. Dat hat de plysje moandeitejûn bekend makke. It lichem waard moandeitemoarn fûn yn it wetter oan de Grinzerstreek. De plysje hat in pear dagen dwaande west mei in grutte syktocht nei de fermiste frou. Dêrby waarden ek dûkers ynset. De frou waard foar it lêst sjoen by har wenboat dy't yn Strobos yn it Prinses Margrietkanaal leit.
Der is gjin sprake fan in misdriuw. De plysje hat it ûndersyk ôfsluten.