Undernimmers Dokkum tefreden oer Sinteklaasyntocht

Undernimmers yn Dokkum sjogge foldien werom op de yntocht fan Sinteklaas, ôfrûne sneon. Hoewol't net goed te mjitten is wat de yntocht de stêd krekt opsmyt, is der stêd der grif net minder op wurden, neffens Niek Geelhoed fan de ûndernimmersferiening. Wol tinkt Geelhoed dat de tv-bylden fan de yntocht goede reklame binne foar de stêd en dat der dêrtroch mooglik mear minsken nei Dokkum komme sille om Sinteklaasynkeapen te dwaan.
Wol fûn Geelhoed it skande dat it waar net mei siet. "Wij denken dat die 25.000 mensen er niet zijn geweest. DIt had vooral te maken met het weer. Het was 's ochtends nat en treurig weer." Hy tinkt dat besikers Dokkum de kommende wiken noch wol goed witte te finen. "Dokkum is tot 5 december Sinterklaasstad. Mensen kunnen dus gerust nog even langskomen voor Sinterklaasboodschappen."
Fan demonstraasjes hawwe de ûndernimmers net in soad meikrigen, útsein fan in fleantúch mei in tekst boppe de stêd.