Friezen meitsje har op foar WK keatsen yn Kolombia

20 nov 2017 - 12:30

Op it WK keatsen yn Kolombia docht in Nederlânske delegaasje mei, of eins in Fryske delegaasje, want alle keatsers komme út Fryslân. Op it WK wurde de folgjende ûnderdielen spile: llargues, ynternasjonaal spul, wallball en de pleatslike fariant chaza.

Foar de manlju komme Tjisse Steenstra, Kees van der Schoot, Hans Wassenaar, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Enno Kingma en Jelte Pieter Dijkstra út en foar de froulju Miranda Scheffer, Harmke Siegersma en Marrit Zeinstra. De bûnscoaches binne Marten Feenstra en Geert Vandervelden.

Wedstriden

De groep is tongersdei ôfreizge nei Pasto yn Kolombia. De wedstriden begjinne moandei. De mannen spylje de poulewedstriden fan it ynternasjonaal spul.

"Probleem mei it keatsen is dat elk lân syn eigen fariant hat en dat der gjin ynternasjonale standert is. Doe is de fariant fan it ynternasjonale spul betocht. It liket wol wat op follybal en wurdt mei fiif tsjin fiif spile" fertelt sportferslachjouwer Geert van Tuinen. Hy wie yn 2002 by it WK yn Argentinië. "It ynternasjonale spul fyn ik neat, it is hiel traach." Hy hat noch wol in tip foar de ploech dit jier. "De organisaasje yn in Súd-Amerikaansk lân betsjut dat it frijwat gaoatysk is en dat se ek net hiel strak mei de tiidsplanning binne. Dêr kinst mar rekken mei hâlde."

De oare fariant dy't op it WK spile wurdt, is wallball, oftewol muorrekeatsen. "Dat is in grutte sport yn Súd-Amearika, dêr binne se echt hiel goed yn. Yn Argentinië is de Nederlânske ploech doe fan de baan fage, mar it team fan no hat dêr goed op traind." Llargues stiet ek op it programma, dizze fariant fan it keatsen liket it meast op it Belgyske pelote.

Kânsen

Geert van Tuinen is optein oer de ploech dy't it keatsbûn stjoerd hat. "Se ha echt de toppers stjoerd. Mannen as Tjisse, Hans en Sjoerd hearre by de top en ek de trije froulju hearre wrâldwiid by de top. Der sit in goede ploech, jonge jonges dy't meardere spulfarianten kenne en genôch krêft hawwe. Se binne ek betûft yn it muorrekeatsen, Tjisse en Hans ha dêr wol echt in stap yn makke. Se ha it serieus oanpakt mei twa bûnscoaches. Yn 2002 wie it mear in leuk uitje en wie it ien grut feest dat eins neat mei topsport te krijen hie. No sjoch ik wol kânsen foar dizze ploech." 

De dielnimmers oan it WK komme út tolve lannen: Kolombia, Kuba, Ekwador, Meksiko, Argentinië, België, Baskelân, Ingelân, Spanje, Italië, Frankryk en Nederlân.

Trefwurden: 
keatsen WK Kolombia
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)