Plysjes yn Ljouwert bringe miel iten

20 nov 2017 - 10:18

Plysjes yn Ljouwert ha sneintejûn in miel iten thús besoarge, nei't de besoarger (20) mei syn brommer ûnderút gien wie. De besoarger remme op de Archipelwei sterk ôf foar in auto en kaam te fallen. Hy rekke ferwûne oan in skonk en moast nei it sikehûs brocht wurde.

De plysjes ha dêrnei it miel iten besoarge, ta grutte fernuvering fan de ûntfanger.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)