Fertraging fear It Amelân

20 nov 2017 - 10:05
Passazjiers op de fearboat Oerd - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Reizgers dy't de auto meinimme wolle fan en nei It Amelân, kinne moandei fertraging oprinne. Fearboat MS Oerd hat lêst fan in technyske steuring en moat reparearre wurde. De MS Monnik fart no yn it plak fan de Oerd, mar dy is lytser en kin minder auto's meinimme. Neffens rederij Wagenborg dogge meiwurkers harren bêst om de oerlêst sa folle as mooglik te beheinen.

Trefwurden: 
fearboat It Amelân
(advertinsje)
(advertinsje)