Ljouwerter (27) ferwûne by mishanneling

20 nov 2017 - 09:36

De plysje fan Ljouwert ûndersiket in mishanneling dy't sneintenacht plakfûn op it Wilhelminaplein. Plysjes waarden om 5 oere moarns oansprutsen troch in 27-jierrige Ljouwerter. De man sei dat hy slachtoffer wie fan in swiere mishanneling. Syn earm wie derby út de kom rekke en syn noas brutsen. Op basis fan syn ferhaal binne trije fertochten oanhâlden. It giet om manlju fan 22, 24 en 26 jier út Noard-Hollân. De plysje siket út wat der krekt foarfallen is.

Trefwurden: 
mishanneling Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)