Wykferplegers yn aksje tsjin hege administraasjedruk

Wykferplegers yn hiel Nederlân komme moandei yn aksje tsjin de hege administraasjedruk yn de soarch. By Thússoarchorganisaasje Het Friese Land wurdt lykwols net staakt en ek de wykferplegers fan Patyna binne gewoan oan it wurk. De stakers sille inkeld de administraasje dwaan dy't ta goede komt oan kliïnt of pasjint. Se litte de oereregistraasje sitte en de doelgroeperegistraasje en de mappen foar de ynspeksje.
Soarchhert
Anke Straatsma fan Drachten is wykferpleechkundige en wurket by De Friese Wouden. Se ried moandeitemoarn nei in kliïnt yn Surhústerfean. "Dizze man hat help om syn medisinen op 'e tiid yn te nimmen. En dêr sjogge we by." Se stiet wol achter de aksje, mar sil kliïnten noait sitte litte. "Minsken yn de soarch ha in grut soarchhert en we sille kliïnten soarch jaan dy't se nedich ha. Ik fernim dat we hieltyd mear formulieren ynfolje moatte en administraasje dwaan moatte. De ferantwurding nimt ta. Dat is spitich en it nimt de oandacht foar de kliïnt fuort. We ha dit berop keazen om soarch te jaan oan minsken en stipe te jaan sadat se harsels rêde kinne."
De beropsferiening pleitet foar in needplan om it personielstekoart yn de soarch oan te pakken. Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens hat nije wike in petear mei de wykferpleechkundigen oer de oanpak fan administrative lêsten en wat nedich is om te soargjen foar foldwaande minsken. Neffens him is der foldwaande jild om ekstra personiel oan te nimmen, mar binne der te min minsken om dy fakatueres op te foljen.