Kollum: "Protest"

20 nov 2017 - 08:32

"Dat wy Friezen grutsk binne op ús provinsje kaam ôfrûne wykein prachtich foar it fuotljocht doe’t Sinteklaas oankaam yn ús eigen Fryske Dokkum. Moaie reklame foar de stêd en dêrmei eins foar hiel Fryslân. Mar sis ris earlik: wat we stikem allegearre folgen wie net de yntocht, mar it nijs oer de protesten tsjin Swarte Pyt.

Foar- en tsjinstanners lieten dit wykein sjen dat protestearje anno 2017 al lang net mear bestiet út in wyt lekken by beppe út de kast mei in striidkreet der op. Wy hjir yn Fryslân ha de wrâld in foarbyld jûn fan hoe't hjoeddeisk protestearjen moat.

It foel my op dat de protesten dit wykein ferrekte folle liken op dy yn Amearika tsjin Donald Trump.

It sil net ien ûntgien wêze: de middelfinger fan de Amerikaanse Julie Brinkman. Sy stuts de fuckfinger op tsjin Donald Trump, doe't se op de fyts ynhelle waard troch de kolonne fan de presidint. En hoe koe it ek oars; har middelfinger waard op de foto setten. Mei dizze iene spontane aksje waard Julie Brinkman it nije ikoan foar alle tsjinstanners fan Trump.

Brinkman sette de foto op har eigen Twitter- en Facebookside. Dy aksje resultearre yn har ûntslach. Mar folle wichtiger: it smiet har miljoenen fans op. Fanút it hiele lân krijt se blommen tastjoerd en no - om't se ûntslein is - stjoere minsken ek massaal jild op. Der waard yn in koart skoftke tiid al goed 30.000 dollar byinoar sparre.

Dizze kettingreaksje seach ik dit wykein ek werom yn Fryslân. De kolonne mei tsjinstanners fan Swarte Pyt waard tsjinhâlden op de A7 troch minsken fan Project P. It gefolch wie in libbensgefaarlike situaasje op de dyk en in lange file. De feroarsakers wurde no mooglik juridysk ferfolge. En bam; der waard fuortendaliks in aksje op tou set om jild yn te sammeljen foar dizze minsken. Yn in koart skoftke tiid smiet it mar leafst 3.400 euro op. Dat is noch mar in tsiende as wat der ynsammele waard foar Julie’s fuckfinger, mar it begjin is der.

Protest twa dat út Amearika oerwaaien kaam, gong oer in oar lichemsdiel. Sneon lies ik in berjocht oer de Amerikaanske marine, dy’t syn ekskuzen meitsje moast neidat in marinefleantúch boppe Washington in pimel yn de loft tekene hie. Dat dit krekt yn de steat barde dêr’t ek it Wite Hûs stiet, sil wol gjin tafal wêze. Dêr wennet per slot fan rekken de allergrutste lul fan it lân.

En jawol; ek yn Dokkum sochten foarstanners fan Swarte Pyt it heger op. Hjir gjin pimel yn de loft, mar in fleantúchje mei de tekst: 'Wij willen Zwarte Pieten'. Ja, dat is in bytsje in lullige tekst, dat bin ik mei jim iens. Dus foar de folgjende kear graach in libbensgrutte sek fan Sinteklaas yn de loft mei dêrûnder de tekst: 'In feest sûnder Swarte Pyt? Gjin sek oan'.

Ja, ik sis folgjende kear. Der komt nammentlik in folgjende kear. Ik leau der neat fan dat de Swarte Pitediskusje takom jier útiten is. Dus foar- en tsjinstanners ha no alfêst tiid om nei te tinken oer nije protestaksjes. Ik ha in lyts ferlanglistje makke fan saken dy't ik takom jier graach sjen wol.

Om mar mei de tsjinstanners fan Swarte Pyt te begjinnen. Jim ha in Julie Brinkman nedich. In ikoan wêrmei’t jim boadskip ekstra krêft útstrielet. En dêrfoar is der mar ien ultime kandidaat. De Wite Pyt dy't hiel Nederlân kent. Dy't alle dagen by hiel Hollân yn de wenkeamer 'oant moarn' ropt. Piet Paulusma. Brûk him as ikoan mei de slogan: ‘Wie wil dat nou niet, zo’n Witte Piet?’

Foar de Fryske tsjinstanners ek noch in pear tips. Ruilje dy skimmel takom jier yn foar in swart Frysk hynder mei as statement: 'Wy Friezen tinke net sa swart/wyt'. Of doop de namme fan de gemeente om. Sa hie Dongeradiel prima Donkeradiel hjitte kinnen; in gemeente dêr't elkenien wolkom is.

Mei oare wurden: wês ek takom jier wer orizjineel. Dan meitsje wy der mei al ús protesten wer in moai 'kinderachtig' feest fan. Ho, 'kinderfeest' bedoel ik fansels."

(advertinsje)
(advertinsje)