Man jaget mei 156 kilometer yn 'e oere oer Foudgumerwei
De plysje hat sneintejûn it rydbewiis fan in 36-jierrige Dokkumer ynnaam. Op de Foudgumerwei by Foudgum waard hy oan de kant setten om't hy 156 kilometer yn 'e oere ried. Op dat stik fan de N356 is 80 kilometer yn de oere tastien.