UNIS Flyers te sterk foar Tilburg Trappers

UNIS Flyers © Martin de Jong
De UNIS Flyers fan It Hearrenfean ha de oerwinning fan sneontejûn op snein in goed ferfolch jûn. Yn de útwedstriid tsjin Tilburch Trappers waard it 8-3 foar de Flyers. De perioadestannen wiene 1-4, 2-0 en 0-4. De Flyers gienen fûl fan start yn de earste perioade. It ferskil waard makke yn de earste sân minuten, doe't it nei goals fan Bezak, Wurm en Den Edel al 3-0 wie. Allinnich Sars koe wat werom dwaan foar Tilburg, mar Demelinne soarge der mei de 4-1 foar dat it ferskil wer op trije útkaam.
Yn de twadde perioade knokte Tilburch him werom yn de wedstriid. Earst wie it Donders mei de 2-4, wêrnei't Sars de oansltingstreffer meitsje koe. Flyers koe der net folle tsjinoer sette. Oan it begjin fan de tredde perioade wie it Adam Bezak dy't de Flyers wer op it goede spoar sette. Troch goals fan Wurm, Marc Nijland en opnij Bezak waard it úteinlik 8-3 foar de Flyers.
De Flyers ha yn de BeNe-League no 13 punten út 7 wedstriden.