Erwin Zeinstra nei WK fuotbal yn Ruslân?

19 nov 2017 - 20:34

Der is in grutte kâns dat Erwin Zeinstra takom simmer op it WK fuotbal yn Ruslân yn aksje komt. De assistint-skiedsrjochter út Dronryp stiet mei skiedsrjochter Björn Kuipers en de oare assistint Sander van Roekel op in saneamde shortlist fan it wrâldfuotbalbûn FIFA. It trio is de lêste jierren wol faker op it heechste nivo aktyf. Yn 2012 wiene se by it EK yn Oekraïne en Poalen. Letter kamen dêr bygelyks noch it WK yn 2014, de Confederations Cup, it EK 2016 en de finales fan de Champions League en de Europa League by. 

Yn jannewaris wurdt definityf bekend oft Zeinstra nei it WK mei. 

Trefwurden: 
Erwin Zeinstra fuotbal WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)