Kopstikken yn aksje foar ferkiezingen

Lanlike kopstikken fan de politike partijen ha dit lêste wykein foar de weryndielingsferkiezingen oangrepen om kampanje te fieren yn Fryslân. Kommende woansdei mei sa'n bytsje de helte fan de kiesgerjochtigden nei de stimbus foar in nije gemeenteried. Menameradiel, Frjentsjerteradiel, It Bilt en in stik Littenseradiel wurde Waadhoeke. Ljouwert kriget ek in stik fan Littenseradiel en de folsleine gemeente Ljouwerteradiel en wat dan oerbliuwt fan Littenseradiel giet nei Súdwest-Fryslân.
Freed wiene Gert-Jan Segers en Alexander Pechtold al oan it flyerjen yn de provinsje. Sneon gie CDA-kopstik Sybrand van Haersma Buma by de doar lâns en snein koene je op de kofje by Mark Rutte. De stimbussen gean woansdei om healwei achten iepen en Omrop Fryslân docht oant de einútslach binnen is ferslach op radio, telefyzje en ynternet.