Wim Stroetinga op poadium yn seisdaachse fan Gent

19 nov 2017 - 17:41
Wim Stroetinga - Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Wim Stroetinga is tredde wurden op de seisdaachse yn it Belgyske Gent. Tegearre mei syn maat Yoeri Havik koe hy it krekt net winne fan de Belgen Kenny de Ketele en Moreno de Pauw. Dat koppel waard earste mei 411 punten. Stroetinga en Havik pakten 323 punten en hiene twa rûntsjes efterstân op de winners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)