Sven Kramer kontrolearret en wint in moaie 10 kilometer

19 nov 2017 - 17:03

Sven Kramer hat yn in moaie lêste rit de 10 kilometer wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Stavanger. Syn tsjinstanner Ted-Jan Bloemen, hâlder fan it wrâldrekôr, hie hiel lang de lieding, mar Kramer hie de kontrôle. Nei 7.200 meter begûn de ynhelrace en nei 8.400 meter hie Kramer de lieding. It lêste rûntsje fan Kramer wie 29,5, Bloemen ried 30,6. De eintiden: 12.50,97 om 12.52,64.

Erik Jan Kooiman waard tredde yn 12.57,13 en Jorrit Bergsma fjirde yn 13.01,24.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)