Real Human Bodies lûkt tûzenen besikers

Tûzenen minsken ha ôfrûne wykein de útstalling Real Human Bodies yn it Oranjehotel yn Ljouwert besjoen. De útstalling is kontroversjeel. Sa is it ûndúdlik wêr't de lichems weikomme. Op harren site stiet dat it Amearikaanske donoaren binne, dy't foar harren dea tastimming jûn hawwe. Wylst de organisaasje oan Brabânske sjoernalisten tajout dat der ek lichems fan Sineeske swervers by binne.
Op de útstalling kin je oant yn it lytste detail sjen hoe't in lichem der fan binnen útsjocht. Sa stean der twa longen: ien fan in smoker en ien fan in net smoker. Ek leit der in lichem dat folslein in plakjes snijd is. De measte besikers bin ûnder de yndruk fan de wize wêrop't de lichems preparearre binne. In froulike besiker dy't sels in iepen hertoperaasje ûndergean hat koe sa mei eigen eagen sjen hoe't it der binnen no echt útsjocht. In âld-smoker fynt dat benammen bern in blik werpe moatte op de longen dy't útstald steane: "Dan kin je sjen wêrom't je net begjinne moatte oan in sigaret!"